Omrop Fryslan
Yde Yntema • 23 februari 2020
It apelhôf op Omrop Fryslân
Fries om utens Yde Yntema wol earste Fryske apelsider meitsje.
Fries om utens Yde Yntema hopet takom jier de earste kommersjele makker te wurden fan sider yn Fryslân. Dêrfoar is hy yn 2015 begûn mei it plantsjen fan in apelhôf mei no 650 beammen. Dy stiet oan de Mientwei by Himmelum.
Sider is in alkohoalysk apeldrankje dat it meast dronken wurdt yn lannen as Frankryk en Ingelân. Mar it wurdt ek hjir hieltyd populêrder.
Yntema wennet yn Ingelân, mar is hikke en tein by Himmelum. De Yntema's hawwe noch in 31 bunder lân, dus der is genôch romte as syn ynvestearring goed útpakt. Mar dat is fansels gjin útmakke saak. Yntema: "It is spannend en in bytsje beëangjend, want wy hawwe der best in soad yn ynvestearre en wy kinne it suver net ha dat it misgiet."
It moat echt in Frysk produkt wurde; alles op de labels is ek yn it Frysk. Der moat noch in beslút falle oer de krekte namme wêrûnder de sider ferkocht wurde sil. It drankje sil benammen yn de eigen omjouwing ferkocht wurde, oan bygelyks hotels en restaurants.
Oan de iene kant fan it apelhôf leit de Rysterbosk, mei in soad toerisme, en oan de oare kant de Fluezen, mei in soad wettersporters. Takom jier hopet Yntema in pear tûzen liter oan Fryske sider te meitsjen.

Ein oktober hawwe wy de apels rispe. We hawwe se parse litten by Oudenbosch in Niehove. We hienen flink mear apels as ferline jier. Se wienen in bytsje minder swiet, foarig jier wie it apel sop hiel swiet troch de drûchte. Ûnderwilens sit it sop al yn de fetten. Wy hoopje dat de cider oare maitiid wer yn de flessen kin.

De allereerste cider van Friese bodem, Aprillis, wordt gemaakt door de Hâld Moed Cidery. Eigenaar Yde Yntema woont zelf in Engeland, waar cider al heel lang enorm populair is en waar je enorm veel kleine en grotere ciderstokerijen vindt. Yntema kon dus flink wat onderzoek doen voor hij in 2015 een appelboomgaard aanplantte op het land van zijn familie in Hemelum. Het resultaat is een sprankelende, fruitige cider van 100 procent appelsap, zonder toegevoegde suiker of water. De eerste flesjes zijn net gebotteld. Proeven? Je kunt Aprillis vooralsnog alleen bestellen bij ciderwinkel.nl. Lês it artikel hjir: https://www.dvhn.nl/extra/Deze-zomerse-drankjes-worden-gewoon-hier-in-het-Noorden-gemaakt-25795646.html