Us Fryske ciders
Fjouwer ciders. Ien Frysk ferhaal.
By Hâld Moed Cidery meitsje wy cider mei de apel yn de haadrol.
Yn ús apelhôf yn Himmelum groeie ferskillende ciderapelrassen, lykas Kingston Black, Herefordshire Redstreak, Harry M. Jersey en Dabinette.
Dy apels jouwe ús de mooglikheid om hiel ferskillende ciders te meitsjen. Fan fris en tagonklik oant elegant en kompleks, en fan in bytsje swieter oant yntins en ryk.
Fjouwer ciders, elk mei in eigen karakter.

Aprillis Fryske Cider
Fris. Fruitich. Frysk.
Aprillis is ús frisse en tagonklike Fryske cider.
In sprankeljende medium cider mei echte ciderapels, in folle kleur en it aroma fan farske apels. Aprillis hat 5% alkohol en komt yn in flesse fan 33 cl.
In cider dy't maklik drinkt, mar tagelyk it karakter fan echte ciderapels behâldt.

Mjitsk Fryske Cider
In bytsje swieter. Like Frysk.
Mjitsk is it wat swietere suske fan Aprillis.
Makke op deselde wize, mar mei krekt wat mear swietens. Dat jout Mjitsk in sêfter en rûner karakter, wylst de frisse en fruitige smaak fan de apels moai oerein bliuwt.
In tagonklike cider foar wa't graach wat mear swietens yn it glês hat.
Freule Fryske Cider
In Fryske cider om de tiid foar te nimmen.
Freule is ús cider foar wa't wat bysûnders siket.
Makke neffens de Méthode Traditionnelle, mei in twadde fermentaasje yn de flesse. De bubbels ûntsteane sa yn de flesse sels en de cider krijt de tiid om mear djipte en kompleksiteit te ûntwikkeljen.
Elegant, karakterfol en makke om rêstich fan te genietsjen.

San Memerto Ice Cider
Net foar de toarst. Foar it momint.
San Memerto is ús Fryske ice cider.
Ryk, konsintrearre en yntins fruitich. De swietens fan de appel wurdt yn balans brocht troch de frisse soeren, sadat in folle en yntinse cider ûntstiet.
In cider foar in lyts glês en in grut momint. Moai nei it iten, by in dessert of tsiis, mar ek hielendal op himsels.


Wat is cider?
Cider begjint by de apel.
Sa't druven de basis foarmje fan wyn, foarmje apels de basis fan cider. Mar goede cider is folle mear as appelsop mei alkohol. De kar fan de apelrassen, it parsen, de fermentaasje en de tiid om te rypjen bepale mei-inoar it karakter fan de cider.
Foar ús begjint dat proses yn it apelhôf.
Wy rispje de apels, parse se en litte it sop fermentearje. By de fermentaasje wurde de natuerlike sûkers yn it appelsop omset yn alkohol. Dêrnei krijt de cider de tiid om te rêsten, helder te wurden en syn smaak fierder te ûntwikkeljen.
Ferskillende appelrassen bringe ferskillende eigenskippen mei. Krekt it kombinearjen fan dy apels jout ús de mooglikheid om cider mei balans, djipte en in eigen karakter te meitsjen.
Echte cider begjint by goede apels.

