Freule Fryske Cider

In Fryske cider mei karakter

Freule is ús Fryske cider foar wa’t wat bysûnders siket. Makke fan mei soarch selektearre apels en mei de tiid om him natuerlik te ûntwikkeljen.

It resultaat is in cider mei karakter: fris, kompleks en elegant, mei de smaak fan echte apels yn de haadrol.

Freule stiet foar ús leafde foar cider, it Fryske lânskip en it ambacht fan cider meitsjen. Gjin cider mei in smaakje, mar cider dêr’t de apel sels it ferhaal fertelt.


Fan appel oant cider

Goede cider begjint by goede apels. Dêrom sjogge wy net allinnich nei swietens of soerens, mar foaral nei de kombinaasje fan aroma, soer, bitterens en tannine.

Troch ferskillende apels byinoar te bringen ûntstiet in cider mei mear djipte en balans. Nei it parsen krijt de cider de tiid om him rêstich te ûntwikkeljen.


In twadde fermentaasje yn de flesse

Freule wurdt makke neffens de Méthode Traditionnelle, de klassike metoade foar it meitsjen fan mousserjende wyn en cider.

Nei de earste fermentaasje wurdt de cider op flesse brocht, dêr't in twadde fermentaasje plakfynt. De koalsoer dy't dêrby ûntstiet, bliuwt natuerlik yn de flesse en jout Freule syn fine, libbene bubbels.

Dêrnei krijt de cider de tiid om him fierder te ûntwikkeljen. Troch de ryping op 'e gist ûntsteane mear djipte, kompleksiteit en in moaier mûngefoel.

Uteinlik wurdt de gist út de flesse helle troch remuage en dégorgement, krekt sa't dat by tradisjoneel makke mousserjende wyn bart.

It resultaat is gjin cider dêr't simpelwei koalsoer oan tafoege is, mar in cider wêrfan't de bubbels yn de flesse sels ûntstien binne.

Tiid, apels en natuerlike fermentaasje. Dat is Méthode Traditionnelle.


Frysk fan aard

Freule is ferbûn mei Fryslân. Mei de apelhôven, it klimaat en ús eigen manier fan wurkjen.

Wy wolle mei Freule sjen litte dat in Fryske cider him prima mjitte kin mei ambachtlike ciders út bekende ciderregio’s, mar tagelyk syn eigen identiteit hâlde kin.


Hoe smakket Freule?

Ferwachtsje gjin swiete massaprodusearre cider. Freule is in cider foar minsken dy’t fan smaak hâlde: fruitich en fris, mar ek mei struktuer en in lange, droege ôfdronk.

Drink Freule gekoeld, mar net iiskâld. Moai as aperityf, by in diner, in tsiisplanke of gewoan om in goede cider op syn eigen merits te priuwen.




Freule Fryske Cider

Frysk. Ambachtlik. Mei karakter.