Fan Fryske grûn oant yn ’e flesse
Ambachtlike Fryske cider fan echte ciderapels.
Wer’t eartiids ús kij rûnen, groeie no de apels oan de beammen. Tiiden feroarje, mar de leafde foar ús lân net.
Yn Himmelum meitsje wy cider fan echte ciderapels. Fan fris en tagonklik oant kompleks en bysûnder. Fjouwer Fryske ciders, elk mei in eigen karakter.
Echte cider begjint by de apel
Nei in jier fan tarieding leinen wy yn novimber 2015 ús apelhôf oan. Wy plante appelrassen dy’t spesjaal selektearre binne foar it meitsjen fan cider.
Ciderapels bringe mear as allinnich appelsmaak. Ferskillende rassen jouwe aroma, soeren, bitterens en tannine. Troch se te kombinearjen ûntstiet de balâns en it karakter dêr’t wy yn ús cider nei sykje.
Fan dy apels meitsje wy ús Fryske ciders.
Fan ús apelhôf. Makke yn Fryslân.
Us ciders
Aprillis
Fris. Fruitich. Frysk.
Aprillis is ús frisse en tagonklike Fryske cider. Makke mei echte ciderapels út ús eigen apelhôf, mei de apel dúdlik yn de haadrol.
Fris, fruitich en maklik te drinken, mar mei it karakter dat echte ciderapels oan in cider jouwe.

Mjitsk
In bytsje swieter. Like Frysk.
Mjitsk wurdt op deselde wize makke as Aprillis, mar hat krekt wat mear swietens.
Dat jout de cider in sêfter en rûner karakter, wylst de frisse en fruitige smaak fan de apels moai oerein bliuwt.
In tagonklike Fryske cider foar wa’t graach wat mear swietens yn it glês hat.
Freule
In Fryske cider om de tiid foar te nimmen.
Freule is ús cider foar wa’t wat bysûnders siket.
Makke neffens de Méthode Traditionnelle, mei in twadde fermentaasje yn de flesse. Sa ûntsteane de fine bubbels op natuerlike wize en krijt de cider de tiid om mear djipte en kompleksiteit te ûntwikkeljen.
Elegant, karakterfol en makke om net te hastich fan te drinken.

San Memerto Ice Cider
Net foar de toarst. Foar it momint.
San Memerto is ús Fryske ice cider. Ryk, konsintrearre en yntins fruitich.
De swietens fan de appel wurdt yn balans hâlden troch frisse soeren. It resultaat is in folle cider mei in yntinse appelsmaak, makke om yn in lyts glês stadich fan te genietsjen.
Moai nei it iten, by in dessert of in stik karakterfolle tsiis. Of gewoan op himsels.

Fan hôf oant cider
Foar ús begjint cider net yn de flesse, mar yn it apelhôf.
Wy soargje foar de beammen, rispje de apels en parse se sels yn Himmelum. Sa bliuwe wy ticht by it produkt dat alles bepaalt: de appel.
Wy besykje dêrby net om in Ingelske of Frânske cider yn Fryslân nei te meitsjen.
Wy meitsje Fryske cider.
Cider dy’t fertelt wêr’t er wei komt.


