Op 24 Novimber lanseare wy ús nije winter cider op de merk yn Appelskea. Winter Cider is makke troch krûden en specerijen by de cider te dwaan en wurdt waarm dronken.
Yngrediïnten
Aprillis Fryske Cider, Beerenburg, Anys, Krûdnagels, Fanylje, Kaniel, Brúne sûker, Sinesappelskyl, Laurierblêd, Jamaikaanske piper.
Klearmeitsje
Efkes in kopke mei winter cider opwaarmje yn 'e magnetron of yn ‘n sauspanne op it fornús. Nei iepening oant 5 dagen hâldber yn de kuolkast.
Ynhâld
℮ 75cl | 6,5% Vol
Wer't eartiids ús kij rûnen, groeie no de apels oan de beammen. Tiiden feroarje, mar de leafde foar ús lân net.